Outstream

Outstream
July 11, 2018 bert klandermans

Outstream

Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn Kimswert, yn de 2e helte fan de 15e iuw sa om 1480 hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei Rintsje Syrtsema. It pear krige yn 1506 in soan, Gerlof Piers Donia. Pier Gerlofs Donia syn frou ferstoar yn 1515. Yn 1498 kaam Fryslân ûnder it bewâld fan Albrecht fan Saksen dy’t om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe’t dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft syn soan syn rjochten oan de lettere Karel V. Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de Osingastate, waard yn 1515 troch hiersoldaten fan de Swarte Heap platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de Arumer Swarte Heap, en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee. Oan Pier wurde in reuseftich postuer en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it tongbrekkerssechje “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries” taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean oft de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen se kylhelle wêze en harren skip leechrôve.

0 Comments

Leave a reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

*